Brands yn basis Cambuur
Kevin Brands begjint sneon yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht yn de basis. Dat giet ta skea fan Oliver Feldballe en Oebele Schokker. De Cambuur-seleksje is folslein fit. Allinnich Jeremy de Graaf komt werom fan sykte en is net ynsetber.
Cambuur hat de lêste trije wedstriden op rige ferlern. De ploech krijt in protte kompliminten foar it spul, mar der moatte no sa stadichoan wol wer punten komme. Der binne foar de wedstriid tsjin FC Utrecht 9700 kaarten ferkocht. De wedstriid tsjin Feyenoord, op 3 novimber is ûndertusken útferkocht.
Opstelling Cambuur: Nienhuis; Droste, Van der Laan, Leeuwin, Bijker; El Makrini, Ritzmaier, Bakker; Lukoki, Hemmen, Brands.