Brêge stremd nei oanfarring

In tanker is tongersdeitenacht tsjin de brêge by Koatstertille oan fearn. It skip rekke earst de houten peallen flak foar de brêge en dêrnei in pylder fan de brêge. It brêgedek is ferset. It stiet 10 sintimeter omheech. Dêrtroch kin de brêge net betsjinne wurde.
It skipfeartferkear kin wol ûnder it fêste diel fan de brêge troch. Dat is 7.40 meter heech. It autoferkear wurdt omlaat. De technyske tsjinst fan de provinsje is dwaande om de skea op te nimmen. Der wurdt ek in dûker ynset.