Wurk oan rotonde start freed

© ANP
Rykswettersteat begjint freed 25 oktober mei de oanlis fan in rotonde op it A7-fiaduct by Aldehaske. Op de splitsing fan de oprit nei de A7 rjochting De Jouwer binne geregeldwei ûngelokken. In rotonde moat de ferkearsfeiligens befoarderje. De wurksumheden duorje oant en mei 9 novimber.
De op- en ôfrit Aldehaske wurdt twa kear in nacht ôfsletten fanwege it wurk. It ferkear wurdt dan omlaat.