Deade wolf komt út Poalen

Wolf © EPA
De deade wolf dy't op 4 july fûn waard by Luttelgeest is net troch in ûngelok om it libben kaam. Ut ûndersyk docht bliken dat it bist yn Poalen deasketten is en hjir lâns de kant fan de dyk lein is. Op in CT-scan binne kûgelrestanten fûn.
De fynst fan de wolf wie oanlieding foar in soad opskuor. Neffens saakkundigen soe it bist ek yn Fryslân west hawwe. Yn de Noardeastpolder waarden ûnder oare yn it Kúnderbosk farske wolvekeutels fûn. Dat soe in dúdlike oanwizing wêze dat 'in wolfeftige' hjir al in skoft omswalkje soe.