'Bloedflek' yn race om titel
Yn de lanlike race foar it argyfstik fan it jier driget De bloedflek fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik út 1664 te ferliezen fan in Europacup-finalekaart fan Feyenoord út 1970. De bloedflek is in bysûnder argyfstik fan Tresoar út Ljouwert. Om dy reden is it ek nominearre foar de ferkiezing 'argyfstik fan it jier', mar de konkurrinsje foar dy titel is bysûnder grut, want mei-inoar binne wol 40 argyfstikken nominearre.
De ferkiezing is ûnderdiel fan de Moanne fan de Skiednis dy't yn oktober is. Stimme kin op www.onsdna.nl/tresoar.
De winner wurdt 1 novimber bekendmakke.
Willem Frederik, steedhâlder fan Fryslân, makke op 24 oktober 1664 syn pistoal skjin. It wapen gong ûnferwachts ôf. Goed in wike letter is hy oan de gefolgen ferstoarn. Yn syn lêste dagen koe hy troch syn ferwûningen net mear prate en ite. Wat hy te sizzen hie, skreau hy op papierkes. Op ien fan de papierkes is bestjurre bloed ôfkomstich út de wûne fan Willem Frederik te sjen. Op dat bledsje stiet û.o. de oantekening: “Dat Veugling (= hofmaster Vegeling van Claerbergen) by myn wiif en bêrn bliuwt”. Yn dat briefke sit dus letterlik it DNA fan ien fan de streekrjochte foarâlden fan kening Willem-Alexander.