Romme oerwinning foar Aris

De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn wûn fan Den Helder. Yn sporthal it Kealledykje waard it 94-77. Benammen nei de rêst wisten de Ljouwerters de foarsprong te behâlden en út te bouwen. It is foar Aris de tredde oerwinning fan it seizoen. Darius Theus wie mei 22 punten de tûkste Ljouwerter skutter. Sneon spilet Aris de útwedstriid tsjin Den Bosch.