Benefyt foar brânslachtoffers
Der komt in benefytkonsert foar de slachtoffers fan de brân oan De Kelders yn Ljouwert. Op 3 novimber sille ferskate muzykbands yn Sealen Skaaf optreden om jild yn te sammeljen. Mei de opbringst sil guod kocht wurde foar de bewenners dy't alles kwytrekke binne. Al 25 bands hawwe harren opjûn. Inisjatyfnimmers binne Harrie Nicolai, Carel Nout en Sanne de Waard.
It konsert sil fan middeis 12 oere oant jûns 12 oere duorje. De bands spylje op trije ferskillende poadia.
De organisaasje siket noch gearwurking mei de helpaksje 058helpt.