Smel'lân ferwachtet tekoarten
Troch in legere bydrage fan it Ryk ferwachtet de gemeente Smellingerlân nei 2014 tanimmende finansjele tekoarten. Oant 2017 sit it tekoart oprinne ta 3 miljoen euro, sa docht bliken út it nije beliedsplan fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
De begrutting fan takom jier is noch slutend, mar dêrnei moat socht wurde nei besunigings. De besparrings litte b. en w. oer oan de nije gemeenteried dy't yn maart takom jier keazen wurdt by de ferkiezings.