Ofskie fan de Wiko's

It doek is defintiyf fallen foar it stimmingsorkest De Wiko's. Noch ien kear wie it feest mei de Wiko's by it ôfskiedskonsert yn Menaam. Tsientallen jierren lang hat de groep de sfear op merken en op brulloften bepaald. Mar no hâlde se der mei op, omdat sjonger Kobus Algra slim siik is.
It konsert waard live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Yn ferskate kroegen yn omlizzende doarpen waard it konsert ek folge troch fans dy't net in kaartsje hiene.