Ien deade by brân Ljouwert
By de grutte brân yn de Ljouwerter binnenstêd is yn alle gefallen ien man om it libben kommen. Plysjewurdfierder Anne van der Meer hat dit sneontejûn let befestige. De man is yn ien fan de troffen pannen oantroffen. Nei de identiteit fan it slachtoffer wurdt noch neier ûndersyk ynsteld.
Earder op de jûn wie al dúdlik dat in bewenner fan ien fan de troch brân troffen gebouwen fermist waard.