De Jong goud, Wolfslag sulver

Wytze de Jong fan Dearsum is foar de twadde kear Nederlânsk kampioen judo wurden. Yn Rotterdam wûn er yn de klasse oant 66 kilogram yn de finale mei waza-ari fan Cunnar Kops. Yn 2010 wie De Jong ek de bêste fan Nederlân.
Miranda Wolfslag fan Ljouwert moast yn de finale belies jaan. Yn de klasse oant 52 kilogram wie Birgit Ente mei ippon te sterk.