Boek oer argyf Fryske lânbou

Yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld is freedtemiddei it boek 'Argiven Fryske Maatskippij fan Lânbou' presintearre. Dy organisaasje behertige fan 1852 oant 1992 de belangen fan de Fryske lânbou. Dat dienen se bygelyks troch it organisearjen fan feekeurings en lânboutentoanstellings. Argivaris Sjoerd de Haan fan Tresoar ûndersocht it argyf. Mei it boek is it 52 strekkende meter oan argyf ek foar it publyk tagonklik wurden.