Kum net by seleksje

Trainer Marco van Basten hat foar de wedstriid tsjin Vitesse op Christian Kum nei, de beskikking oer in fitte seleksje. Kum is siik en sil dêrom net spylje. Arnold Kruiswijk is hersteld fan in ljiskblessuere. Hearrenfean treft yn Vitesse in konkurrint yn de striid om Europeesk fuotbal. Hearrenfean hat ien punt mear en in wedstriid minder spile.
Hearrenfean spile syn lêste wedstriid trije wiken lyn. Troch ynterlânferplichtings en de wedstriid yn Den Haach dy't ôflast waard, beheinde de seleksje har foaral ta trainen.