VVD-ûnderkommen oan Nijstêd

De VVD yn Ljouwert iepenet sneon in tydlik ûnderkommen oan de Nijstêd. De partij docht dat mei it each op de ferkiezings fan 13 novimber. It wurdt lykwols gjin kampanjehûs, seit de VVD, mar in plak dêr't alle Ljouwerters wolkom binne. Doel is dat minsken inoar moetsje, der wurkje kinne en mei-inoar diskusearje.
It moetingsplak is ûnderbrocht yn in leechsteande winkel. Dy is oanklaaid troch in groep ûndernimmers en kreativelingen. Earder iepene ek PAL/GrienLinks in eigen ûnderkommen fanwege de weryndielingsferkiezings.