Oanlis rolstoelpaad úteinset

Hoewol't de finânsjes noch net alhiel útiten binne, is yn de bosk by Beetstersweach dochs úteinset mei de oanlis fan in rolstoelpaad. De stifting dy't spesjaal dêrfoar oprjochte is, woe net langer wachtsje mei de oanlis. De wiete tiid is begûn en swiere masines kinne dan de bosk net mear yn.
De Van Teijens Fundatie en de Cornelia Stichting binne ree om garant te stean foar de lêste 6000 euro dy't noch nedich wie. Foar it bedrach moat noch wol jildsjitters fûn wurde.
De kontoeren fan it paad binne no al te sjen. Oer in breedte fan 4 meter binne alle struken en beammen fuorthelle. It rolstoelpaad sels wurdt oardel meter breed.