Wer stakings yn Fryske metaal

Fakbûnen FNV en CNV wolle moandei stakingsaksjes hâlde by de metaalbedriuwen Hubert yn Starum, Spaans yn Balk en Landustrie, Holvrieka en Kwant yn Snits. De bûnen wolle mei de staking protestearje tsjin -wat sy neame- in fierstente leech leanbod by de ûnderhannelings oer in nije CAO. De aksjes yn de metaal binne al yn septimber begongen. Wilens is yn de lytsmetaal in akkoart berikt, mar yn de Metalektro gean de aksjes troch.
Doel is dat de wurknimmers fan de Fryske metaalbedriuwen moandei fan healwei achten ôf by de yngong fan de bedriuwen opwachte wurde. Letter is der in mienskiplike aksjegearkomste yn Snits. Ek foar nije wike freed steane der wer stakingen pland.