Snitser trio stelt brânstof

Plysjejas © ANP
Trije Snitsers binne tiisdeitenacht oanhâlden op De Jouwer. Se wurde fertocht fan it stellen fan brânstof. Plysjes seagen
by Dolsterhuzen op it fytspaad neist de dyk in auto stean. Dêr lei in frou sabeare te sliepen. Op de achterbank en yn de kofferbak stienen tal fan jerrycans foar in part fol brânstof. Letter stapten twa manlju stapten yn. De plysje achterfolge har en hâlde letter de auto oan. Se seagen ek in bivakmûtse en in brekizer yn de wein. De plysje hat de ynsittenden (20, 22 en 44 jier) foar neier ûndersyk meinaam nei it buro.