D66: ien Waadprovinsje

D66 Fryslân komt mei in alternatyf plan foar provinsjale weryndieling. Neffens de partij is Fryslân benaud foar in kombinaasje mei Grinslân en Drinte. De partij stelt dêrom foar om fan de hiele waadkust ien provinsje te meitsjen. Dy bestiet dan út de boppeste helte fan Grinslân, út hiel Fryslân, de Noardeastpolder en de kop fan Noard-Hollân. De nije provinsje soe gewoan Fryslân hite moatte. D66 hat it plan yntusken ynbrocht by minister Plasterk.