Earste peal 'Garaasje' slein

By de Veilige Veste yn Ljouwert is tiisdei de earste peal slein foar de Garaasje, in sintrum foar de opfang fan slachtoffers fan berne- en minskehannel. Ljouwert is it earste plak yn 'e wrâld dêr't sa'n sintrum komt. Dat bart op inisjatyf fan Fier Fryslân en Terre des Hommes.
Yn it sintrum wurde de slachtoffers taret op it weromgean nei it lân fan ôfkomst. Dêr is hieltyd mear ferlet fan, omdat it tal minskehannelers en loverboys tanimt. De provinsje hat tiisdei hast 40.000 euro beskikber steld foar de oanskaf fan wetterfreonlike dûsen.
Dy soargje der foar dat brûkt wetter direkt skjinmakke wurdt en dan wer brûkt wurdt. Dêrmei kin sa'n 60 prosint besparre wurde op wetter en sa'n 25 prosint op enerzjy. Doel is dat de Garaasje sa wetter- en enerzjyneutraal mooglik wurdt.