Offalkonteners ûnder de grûn

Seis moanne earder as de planning wurdt woansdei yn Ljouwert de lêste ôffalkontener ûnder de grûn pleatst. Begjin 2013 is Omrin úteinset mei it oanpassen of ferfangen fan alle konteners foar restôffal. It doel is om de kwaliteit fan de ôffalsamling te ferbetterjen, en úteinlik minder ôffal te ferwurkjen.
Mei-inoar binne yn Ljouwert mear as twahûndert nije konteners delset. Dêrneist binne sawat hûndert oanpast.