Mear omtinken prostitúsje
De Ljouwerter polityk wol mistannen yn de prostitúsje hurder oanpakke. Dat die moandeitejûn bliken op in kommisjegearkomste. Froulju dy't yn Ljouwert yn de prostitúsje wurkje, moatte it better krije en net mear ûnder druk stean fan kriminelen. De polityk wol dêrom dat se net mear yn de keamers wenje, dêr't se ek wurkje.
Fierders wurdt in spesjaal team yn it libben roppen dat de prostituees yn 'e gaten hâldt. Ek moat it tal prostituees dat yn Ljouwert wurket nei ûnderen brocht wurde.