Soarch komt op skoalle

Learlingen fan skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns komme de kommende trije jier yn de kunde mei de soarchsektor. It giet om in inisjatyf fan it gearwurkingsferbân fan soarchynstellings en opliedingen Venturaplus. It wurdt útfierd yn gearwurking mei ferpleechhûs De Batting en it sikehûs yn Harns.
Sy wolle jongeren motivearje om yn de soarch oan it wurk te gean. Dêrfoar sille treddejiers-learlingen fan Simon Vestdijk ûnder oare op snuffelstaazje yn de beide soarchynstellingen yn Harns.