Auto's fernield yn Dokkum

Oan de Stasjonswei yn Dokkum binne sneontenacht fjouwer parkearde auto's fernield. Buertbewenners waarden om twa oere nachts wekker fan jongeren dy't flink wat leven makken.
Letter die bliken dat fan fjouwer auto's de spegels stikken makke wiene. Nei alle gedachten is dat dien troch trije jongeren dy't op 'e fyts wiene. De plysje siket tsjûgen.