Hjoed n Makkie wint Grêfterace

Dielnimmers oan de 27e edysje fan de Grêfterace © J. van Griethuizen
De manlju fan roeisloep Hjoed 'n Makkie 2 út Frjentsjer hawwe sneon yn Amsterdam de 27e edysje fan de Grêfterace op harren namme skreaun. It achttal sette in tiid fan 2 oeren en 29 minuten op 'e klok. It twadde plak wie foar de Zeeleeuw 2 fan roeiferiening Ouwesyl. It brûns gong nei it achttal fan De Heeren XIV út Muiden.
De bêste frouljussloep wie de GIA Light, mei in tiid fan 2 oeren en 51 minuten, goed foar it 56e plak. De froulju fan de Beluga út Snits einigen as twadde frouljusploech op it 67e plak.