Wylde achterfolging op A31

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters binne sneontenacht oanhâlden nei in wylde achterfolging. De frou (33) en man (39) rieden mei hege snelheid op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. De plysje joech in stopteken, mar de twa setten ôf, de stêd út. In achterfolging oer de A31 folge, wêrby't se 165 km yn de oere rieden. By Dronryp naam it duo de ôfslach. De trochgong wie dêr blokkeard fanwege wurksumheden. De auto rekke in stek, ried oer in sânbulte en doe wie de plysje de twa even kwyt. Yn Menaam binne se oanhâlden. It duo is ynsletten.
De frou hie gjin papieren by har en de man wie yn it besit fan in luchtdrukwapen.