15.000 euro foar SR

De aksje Serious Innovation, dy't sneon yn Crystalic yn Ljouwert hâlden waard, hat in bedrach fan goed 15.000 euro oplevere. Bedriuwen en ynstellings koenen de hiele dei help krije by fragen fan ynnovative aard. Yn ruil foar dy help moasten de bedriuwen dan in bedrach stoarte. It gie om bedriuwen as soarchgroep Alliade, Rykswettersteat en it Reade Krús. It bedrach wurdt oermakke oan de 3FM-aksje Serious Request. De organisaasje hat oanjûn dat der mooglik in ferfolch komt op dizze Serious Innovation-aksjedei.