Hiel Blauhûs nei Johannes

Ynwenners fan Blauhûs reizgen massaal ôf nei it optreden fan Johannes Rijpma © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Seis bussen mei dêryn 320 ynwenners fan Blauhûs binne freed nei it Gelredome yn Arnhem reizge foar it optreden fan Johannes Rijpma. De sjonger út Blauhûs mocht as gast optrede by it konsert fan it Volendamske duo Nick en Simon. De beide Volendammers wienen de coaches fan Johannes by it televyzjeprogramma The Voice of Holland, dêr't Johannes it ôfrûne seizoen as twadde einige.
Alle fans út Blauhûs krigen in plakje yn it spesjale Fryske fak.