By in ûngelok op de A6 by De Lemmer is sneontemoarn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht. De auto dêr't it slachtoffer yn siet, wie oer de kop slein. It ûngelok soarge foar in koarte file.