Akkoart:minder besunigje omrop

Omrop
De koarting fan hûndert miljoen op de publike omroppen giet mei de helte fan tafel. Dat stiet yn it begruttingsakkoart dat freed sletten is. Dat soe mooglik ek betsjutte dat de koarting op de regionale omroppen de helte minder wurdt. Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster giet derfan út dat de Fryske omrop dêrmei net twa, mar ien miljoen besunigje moat.
Hy fynt dat noch altyd fierstentefolle, seker no't media-steatssekretaris Dekker oanjûn hat dat Omrop Fryslân gjin aparte status krijt, op basis fan de Fryske taal.