Sjinkie en Sybren op koers

Shorttracker Sjinkie Knegt en bobslider Sybren Jansma lizze op koers om op tiid fit te wêzen foar de Olympyske Winterspelen yn Sotsji takom jier. Sjinkie Knegt is herstellende fan in operaasje oan syn meniskus, mar trainde freed al wer foar it earst mei de nasjonale ploech. Sybren Jansma rûn ein septimber in blessuere op oan it kût en moast syn plakje as remmer yn de twamansbob ôfstean oan Bror van der Zijde. Jansma is op dit stuit drok dwaande mei krachttrainings. Beide topsporters ferwachtsje rom op tiid fit te wêzen foar de Spelen.