Fytspaad trochlûke nei Warten

It takomstich fytspaad fan Grou nei Wergea moat trochlutsen wurde nei Warten. Dat fynt de PvdA yn de Ljouwerter gemeenteried. Ynkoarten ûndertekenje de gemeenten Boarnsterhim en Ljouwert yn gearwurking mei de provinsje in oerienkomst oer it fytspaad.
It nije fytspaad moat ein 2014 klear wêze. Neffens de PvdA is dat in goed begjin, mar soe it paad trochlutsen wurde moatte nei Warten.