Oergong VMBO/MBO foar fammen

(foto-ympresje) © Omrop Fryslân
Der komt in oergongstrajekt tusken it VMBO en it technyske MBO spesjaal foar famkes. De saneamde VMBO-MBO-Brêge stiet fan oktober ôf folslein yn it ramt fan froulju. VMBO-learlingen fan it Piter Jelles krije yn it projekt de kâns om har aktyf te oriëntearjen op in takomst yn de technyk of de ICT. Op dit stuit wurkje der noch te min froulju yn de technyske sektor.
De skoalfamkes meie tsien kear op besite by technyske opliedingen of wurkjouwers yn de regio. Ek krije se de kâns om mei froulju yn it fakgebiet te praten.