Man op de flecht foar plysje

De plysje hat woansdei in 27-jierrige man út Ljouwert oanholden neidat hy op de Simmerwei yn Hurdegaryp mei syn auto yn de berm belâne wie. De man krige yn Tytsjerk opdracht fan de plysje om oan de kant te gean, mar hy naaide út.
De man is in bekende fan de plysje. Aginten hawwe in bloedproef ôfnommen omdat se tinke dat de fertochte drugs brûkt hat. Ek binne syn auto en rydbewiis ynnommen.