Natuer-enkête Cammingabuorren
De Fryske Miljeufederaasje en de ANWB hâlde in enkête yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren. Se wolle ûndersykje wat de ynwenners fan it grien yn de wyk fine en hoe't se tinke oer de rekreaasjemooglikheden yn de Griene Stjer en de Grutte Wielen dêr tichtby.
It idee foar de enkête is ûntstien nei in petear mei de gemeente. Dy is fan doel om mear grien yn de wyk te bringen. De Fryske Miljeufederaasje hopet dat de bewenners sels mei ideeën komme. Is it in súkses, dan wol de organisaasje de metoade op oare plakken ek tapasse.