Afûk siket leafdesbrieven

De Fryske útjouwerij Afûk is foar it projekt 'Dat wie doe sa' op syk nei leafdesbrieven út de perioade 1940-1970. As dêr genoch brieven komme, wol de Afûk dêr in boek fan meitsje. Njonken de brieven sels, wol de útjouwerij ek petearen hâlde mei famylje fan de briefskriuwers.
Ein novimber besjocht de Afûk oft der genôch oanmeldings binne.