Jonge út Koartehimmen fermist

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in fermiste jonge (14). It giet om in jonge dy't dit wykein mei in maat (13) fuortrûn út it Woodbrookers behannelsintrum foar jongeren yn Koartehimmen. De 13-jierrige hat him snein wer meld. Hy fertelde dat se yn de bosk by Beetstersweach sliept hiene.
Yn in Burgernet-oprop wurdt frege om út te sjen nei de jonge, dy't in donkere trui draagt mei kapusjon en in joggingbroek. Ek hat er ek in earbel yn. De plysje siket op it stuit op in tal plakken ôf dêr't de jonge mooglik wêze kin. It ûndersyk yn de bosk is ôfsl