Harns: noch gjin pikeboer fûn

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns hat noch gjin meldings krigen fan hinnehâlders dy't op dioksine-aaien kontrolearre binne. Frisse Wind hie in ûndersyk útfiere litten op dioksine. Neffens harren binne op 13 plakken aaien mei tefolle dioksine fûn. De gemeente wol ferfolchûndersyk dwaan, mar Frisse Wind wegeret de lokaasjes bekind te meitsjen.
De gemeente ropt hinnehâlders op harsels te melden, mar oant no ta hat dat gjin resultaat. Ien hinnehâlder hat him wol oanbean om syn aaien ûndersykje te litten, en in buro hat him meld om dat ûndersyk út te fieren.