Bou-oplieders wolle ympuls
Fryske bou-oplieders komme yn aksje om de bou yn Fryslân in ympuls te jaan. No sneon wurdt der in brânbrief oanbean oan gemeenten en wenningkorporaasjes mei dêryn ferskate oanbefellings. Sa soene yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd steds- en doarpskearnen restaureard wurde moatte.
Boufergunningen moatte soepeler en regionale boubedriuwen moatte mear kâns krije om yn de regio projekten út te fieren. Iepenbiere en monumintale gebouwen moatte oanpast wurde foar minsken yn in rolstoel en der moatte mear learling-bouplakken komme.
Sneon sille learling-boufakkers mei dosinten op en paad om hjir omtinken foar te freegjen. Se dogge ûnder oare It Hearrenfean, Drachten, Ljouwert en Snits oan. It publyk wurdt frege om mei te tinken oer oplossings foar wurkgelegenheid yn de bou.