Bouwmeester wer yn top 10

Marit Bouwmeester © Thom Touw
Sylster Marit Bouwmeester hat op de fyfde dei fan it WK Laser Radial yn Sina in fyfde en in sânde plak pakt yn de Gold Fleet. Dêrmei ferbettere de Wartenster har prestaasje fan sneon, wêrop se teloarstellend 21e en 24e waard. Troch de knappe races op snein klimt Bouwmeester fan it 11e nei it 9e plak yn it klassemint. Mei noch twa races te gean, stiet se 1 punt efter de nûmers 6, 7 en 8 yn it klassemint.
De Kroätise Tina Mihelic giet nei 10 races oan de lieding. Se hat in romme foarsprong op de Finse Tuula Tenkamen en de Sinese Zhang.
Top 10 WK Laser Radial 2013 nei 10 races
1. Tina Mihelic: 29 pt
2. Tuula Tenkanen: 40 pt
3. Dongshuang Zhang: 40 pt
4. Paige Railey: 42 pt
5. Alison Young: 53 pt
6. Josefin Olsson: 58 pt
7. Emma Plasschaert: 58 pt
8. Isabella Bertold: 58 pt
9. Marit Bouwmeester: 59 pt
10. Evia Van Acker: 60 pt