VVV siket frijwilligers
De VVV Ljouwert hat it sa drok dat it op syk is nei frijwilligers. It tal besikers fan de stêd is sa bot tanaam dat it personiel fan de toeriste-organisaasje it net mear oankin. Jild om betelle personiel oan te nimmen, is der neffens de VVV net.
De goede promoasje fan Ljouwert - Kulturele Haadstêd, de iepening fan it Fries Museum, it Glêzen Hûs - is de oarsaak fan de drokte, seit de toeriste-organisaasje. Sneon op de frijwilligersbeurs yn de Harmonie yn Ljouwert hopet de VVV de earste frijwilligers binnen te heljen.