Cambuur ferliest fan Twente
Cambuur hat freed de thúswedstriid tsjin koprinner FC Twente mei 1-0 ferlern. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 49e minút en waard makke troch Luc Castaignos. Twente wie de earste tsien minuten fan de wedstriid de bettere ploech, mar doe waard Cambuur de boppelizzende partij. Erik Bakker en Michiel Hemmen misten lykwols in pear goeie kânsen. Yn de twadde helte moast Cambuur al rap yn de efterfolging. De Ljouwerters wienen wer net de mindere fan FC Twente, mar grutte kânsen smiet it net op. Cambuur stiet no 15e mei 9 út 9.