Mei 500 man tagelyk ite

De langste itenstafel fan Fryslân stiet freed yn Drachten yn Sûnenz. Dat is in soarte fan sintrum dêr't benammen alle tsjinsten te finen binne om sûn te bliuwen. Fiifhûndert minsken skoden oan oan de langste tafel. It grutte ytevenemint hat alles te krijen mei de ôfsluting fan de 'Wike fan de smaak 'en mei de 'Wike fan iensumens'. Dy beide wurde no kombinearre yn ien iterij.