Soargen oer jonge boeren
It Nederlânsk Agrarysk Jongerein Kontakt hat út namme fan de 12 provinsjale ôfdielings in brief skreaun nei it Interprovinsjale Oerlis, it IPO. Yn dy brief wurdt omtinken frege foar de Jonge Landbouwersregeling. De provinsjes wurde dêr aansten ferantwurdlik foar, mar de fraach is oft der genôch jild foar is.
Yn Fryslân hat de ChristenUnie hjir al skriftlike fragen oer steld. Ek de Agraryske Jongerein Fryslân hopet dat de regeling bestean bliuwt, omdat dit jonge boeren in bettere kâns jout om in boerenbedriuw oer te nimmen.