Nije start Allefriezen.nl

Yn Ljouwert is tongersdei de fernijde webside Allefriezen.nl lansearre. Op dizze side komme no njonken de akten fan de boargerlike stân ek de Fryske befolkingsregisters te stean fan 1850 oant 1939. Foar it taheakjen fan de goede ynformaasje by de scans fan de befolkingsregisters makket Allefriezen.nl gebrûk fan frijwilligers, dy't it wurk thús dwaan kinne.
Sûnt april dit jier is al 22% fan de scande dokuminten út de befolkingsregisters beskikber kommen. De meast aktive frijwilliger, Bauke fan Himmelum, waard yn it sintsje set.
Ien fan de gemeenten dy't foarop rint mei it digitaal ûntsluten fan it argyf is Flylân. Fan dit eilân stiet it folsleine befolkingsregister fan foar de oarloch online. Flylân is no fan doel om as earstfolgjende stap it gemeentlike foto-argyf online te ûntsluten.
Allefriezen.nl is neffens de inisjatyfnimmers in tige súksesfolle webside, dy't hûnderttûzenen besikers út binnen- en bûtenlân lûkt.