Fertochte saak Eker noch fêst

De 32-jierrige fertochte út Masedoanië dy't ferline wike oppakt waard foar de moard op Henk Eker út Easterwâlde bliuwt noch twa wike langer fêstsitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje besletten. De man waard al in skoft troch de plysje socht.
Njonken dizze man wurdt ek in 27-jierrige Amsterdammer fertocht fan de moard. Eker waard yn jannewaris deasketten yn syn wenplak.