Mansveld: EVT oan bannen lizze
Steatssiktaris Mansveld fan ynfrastruktuer en miljeu wol de oanlismooglikheden fan de Eigen Veerdienst Terschelling EVT beheine of skrasse. Dat is op te meitsjen út in brief dy't de steatssiktaris moandei oan de Twadde Keamer stjoerd hat. Neffens Mansveld hat oerlis mei rederij Doeksten oer in oplossing fan it skeel tusken Doeksen en eilannen Flylân en Skylge neat opsmiten. Dat konflikt giet oer de nije tsjinstregeling.
Mansveld wol dat Doeksen de oankundige fermindering fan it tal ôffearten útstelt fanwege de grutte maatskiplike gefolgen.
Rederij Doeksen seit dat dit, sjoen de finansjele situaasje fan it bedriuw, net kin. De fermindering fan it tal ôffearten soe al op 1 oktober úteinsette. Doeksen hat dit earder op fersyk fan boargemaster Schadd fan Flylân ien moanne útsteld oant nei de hjerstfakânsje. Om maatskiplike ûntwrichting foar te kommen sil de steatssiktaris no ûndersykje oft it gebrûk fan de oanlisfasiliteiten fan Doeksen troch de EVT beheind wurde kin.