Boek fan de Moanne sneon los

Fryske boeken © ANP XTRA
De aksje Boek fan de Moanne fan de Stichting Boeken fan Fryslân giet no sneon fan start. Om de ferkeap fan Fryske boeken te befoarderjen, leit der alle moannen in oar Frysk boek mei koarting yn de winkels. It earste boek is 'Rêdbâd, kronyk fan in kening' fan Willem Schoorstra. Yn novimber is 'De kâlde krústocht' fan Hylke Speerstra it aksjeboek en yn desimber it berneboek 'Stille Nacht, wûndernacht'.
De aksje rint oant desimber takom jier. Oant no hawwe fyftich boekhannels yn en bûten Fryslân har by de aksje Boek fan de Moanne oansletten.