Freezefestival 1800 besikers

It Freezefestival dat sneontejûn yn de Harmonie yn Ljouwert plakfûn, giet wat de organisaasje oanbelanget de boeken yn as in súksesfolle edysje. Der kamen 1800 besikers op ôf. Hichtepunten wiene de bysûndere dûnsmuzyk fan de Syriër Omar Souleyman en de Noard-Ierske rockband Therapy?.
De Ljouwerter bands the Flying Thrahscans en Calgary Woods soargen foar folle sealen. De nije Fryske band The Future's Dust presintearre in nije plaat yn in grôtfolle Aegonseal. Takom jier is Freeze der wer yn it lêste wykein fan septimber.