Cambuursupporters sette ôf

Cambuursupporters meitsje harren klear om mei de bus nei It Hearrenfean te riden foar de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. De 1222 supporters sammelje harren by it WTC Expo yn Ljouwert. Dêr kinne se de auto of fyts kwyt. De supporters meie allinnich mei de buskomby nei de wedstriid ta. De earste acht bussen gean om 12.00 oere fuort.
Mei-elkoar binne der 26 bussen. De folgjende njoggen bussen sette om healwei ienen ôf. Noch wer in heal oere letter binne der nochris njoggen bussen dy't rjochting It Hearrenfean gean.
Op it lêste momint binne de feiligheidsregels ûnderweis noch wat ferromme. Supporters krije op de weromreis tastimming om in bierke te dinken. Op de hinnereis is alle alkohol ferbean.
De bussen wurde ûnderweis nei It Hearrenfean begelaat troch ferkearsplysjes op motoaren. In plysjehelikopter is fan Skiphol ûnderweis nei it Noarden om, as it nedich is, ynset te wurden.