Twatal mei speed oppakt

Oan de Grietmanstrjitte yn Surhústerfean binne sneon twa manlju oanhâlden troch de plysje, omdat se harddrugs by harren hiene. It giet om in man fan 25 jier út Drachten en ien fan 20 út Eastermar. Beiden hiene speed by harren. Dat is yn beslach naam en de manlju moasten mei nei it plysjeburo foar ferhear.